CDA: "Skaf ferplichte âlderbydrage yn jeugdsoarch ôf"

05 apr 2015 - 10:25

De ferplichte âlderbydrage yn de jeugdsoarch moat ôfskaft wurde. Dat wol it CDA yn de gemeente Hearrenfean. Sûnt 1 jannewaris is der in ferplichte bydrage foar dei- en yntramurale soarch. CDA-riedslid Bernhard Hoekstra is benaud dat âlden hjirtroch minder gebrûk meitsje fan de jeugdsoarch.

De partij wol foarkomme dat bern de dupe wurde. It CDA fynt it frjemd dat der foar oare foarmen fan jeugdsoarch gjin eigen bydrage jildt en hjirfoar wol. De partij tsjinnet op 13 april in moasje yn oer de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)