SC Hearrenfean rêdt it net op tsjin NAC Breda: 0-0

SC Hearrenfean is der net yn slagge de trije punten yn eigen hûs te hâlden tsjin NAC Breda. De wedstriid einige sa as it begûn: 0-0.
Yn de matige earste helte wiene de bêste kânsen foar NAC. Ut de rappe counters stie de ferdigening fan SC Hearrenfean in pear kear te sliepen, mar ûnder oare Tighadouini hie it fizier net op skerp. It lêste healoere wie SC Hearrenfean wol better en krige it fia Otigba en Slagveer noch kânsen, mar se gongen der net yn.
SC Hearrenfean sakket op de ranglist no ien plak. PEC Zwolle wûn thús fan Willem II, wêrtroch't SC Hearrenfean no sânde stiet.