ONS Boso Snits ferspilet djoere punten

04 apr 2015 - 17:29

ONS Boso Snits ferspile sneon in djoer punt troch mei 2-2 lyk te spyljen tsjin nûmer lêst Ajax. Op eigen fjild sette Ale de Boer nei 5 minuten de 1-0 op it boerd. Mei syn twadde treffer soarge De Boer yn de 22e minút foar de 2-0. Fjouwer minuten letter kaam Ajax werom mei de oanslutingstreffer.

Nei rêst ferspile ONS kânsen om de foarsprong út te wreidzjen. Yn it lêste kertier kamen de Snitsers mei tsien man te stean nei twa kear giel foar Curty Gonzales. Yn de 90e minút profitearre Ajax optimaal toch de lykmakker te meitsjen.

By ONS Boso Snits stie de 36-jierrige Marcel Huitema yn 'e goal. Earste keeper Ivan Landlust wie skorst, twadde keeper Eize Piter Douna liet in pear wike lyn de ploech yn 'e steek. Huitema die it goed en waard 'man fan de wedstriid'.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Boso Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)