Dútske motorrider botst op auto oare Dútser

© ANP XTRA
In 43-jierrige Dútske motorrider út Mühlheim an der Ruhr is freedtemiddei ferwûne rekke op De Lemmer. De man helle fytsers yn en botste doe op in auto dy't him yn 'e mjitte kaam. Dy waard bestjoerd troch in 62-jierrige man út Hürth yn Dútslân. De motorrrider foel nei de botsing, twa fytsers foelen ek.
De motorrider is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht. Tsjûgen seine dat er frij hurd ried, en ek noch sûnder helm. De plysje hat him in bloedproef ôfnaam.