Minister Schippers op besite by sikehûs Tjongerskâns

Minister fan Folkssûnens Edith Schippers komt takom wike woansdei op besite yn sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean. Se praat mei wurknimmers dy't moderne kommunikaasjemiddels makke hawwe foar pasjinten. Bygelyks in webside mei persoanlike ynformaasje foar pasjinten mei bekkenproblemen of foar stellen mei in bernewinsk.