De Rouwe: CDA, VVD, SP, FNP 'hiel goede kombinaasje'

It nije kolleezje fan deputearre steaten fan Fryslân bestiet nei alle gedachten út CDA, VVD, SP en FNP. Geart Benedictus makke freed syn advys iepenbier om mei dy fjouwer partijen it nije kolleezje fan deputearre steaten te foarmjen. Benedictus hat der in soad betrouwen yn dat dy fjouwer partijen der mei-inoar wol útkomme sille.
As dat sa is falt de PvdA, de op-ien-nei grutste partij fan Fryslân, bûten de boat. Neffens Benedictus die by de ynformaasje bliken dat der 'frijwat argewaasje' bestiet tusken PvdA en CDA.
Benedictus frege CDA en PvdA dêrom om mei in mienskiplik advys te kommen foar de formaasje. Doe't de twa grutste partijen dêr net útkamen, kamen oare kombinaasjes fan partijen yn byld. CDA-listlûker Sander de Rouwe ûnderstreke freed de konklúzjes fan ynformateur Benedictus. De Rouwe neamde de kombinaasje CDA, VVD, SP en FNP freed 'in hiel goede'. Neffens ynformateur Benedictus strielt de nije kombinaasje sels 'elan' út.
Provinsjale Steaten sille nije wike tiisdei it ynformaasjeferslach fan ynformateur Benedictus beprate op in iepenbiere gearkomste. Nei it wykein begjint de formaasje fan it nije kolleezje. Wa't dat proses liede sil, is freed noch net bekend makke.