Boarnburgum hat problemen om helpguod yn Kenia te krijen

De stifting Boarnburgum voor Kenia hat problemen om it helpguod dat se nei it lân stjoere wolle, dêr te krijen. Yn Drachten steane twa konteners klear mei boumateriaal. Dêr wolle se yn Kenia ûnderkommens fan bouwe, dêr't strjitbern yn sliepe kinne. Mar dêr moatte hege ynfoerrjochten foar betelle wurde.
It regear yn Kenia hat dy belesting omheech dien, omdat der fanwege de oanslaggen yn it lân minder ynkomsten binne út it toerisme. Dêrtroch kostet it ymportearjen fan konteners no 10.000 euro.