Thern, Larsson en Van den Berg keare werom by Hearrenfean

By SC Hearrenfean keare in soad belangrike spilers werom fan in blessuere. Joey van den Berg, Sam Larsson en Simon Thern binne allegear wer fit om sneontejûn mei te dwaan yn de wedstriid tsjin NAC Breda. Ek Joost van Aken kin meidwaan. Dizze wike ferliet hy de seleksje fan Jong Oranje mei in blessuere, mar Van Aken hat goed meitrand.
Trainer Dwight Lodeweges kin allinnich net beskikke oer Lerin Duarte, dy't noch altyd lêst hat fan in hamstring-blessuere.