Manlju net goed nei brûken fan drugs en drank

© ANP XTRA
De plysje yn Ljouwert wie tongersdeitenacht wakker drok mei twa manlju dy't net goed waarden nei it brûken fan drank en drugs. In 26-jierrige Ljouwerter rekke yn de Bachstrjitte net goed neidat hy fierstente folle drugs brûkt hie. De man moast nei it sikehûs om behannele te wurden.
Justjes letter moast de plysje nei de Neptunuswei, dêr't in 16-jierrige jonge út Goutum net goed wurden wie omdat hy tefolle drank hân hie. Ek dizze jonge moast nei it sikehûs.