Plysje ûndersiket trije ynbraken yn Ljouwert

03 apr 2015 - 11:27

De plysje ûndersiket in trijetal ynbraken yn Ljouwert. Oan de Harnzerstrjitwei misse bewenners in iPad en in rydbewiis. Dêr moat ynbrutsen wêze yn de nacht fan woansdei op tongersdei. De ynbrekker of ynbrekkers kamen der yn troch de foardoar.

Yn de Marsumerstrjitte yn de Fryske haadstêd is om dyselde tiid ek ynbrutsen troch de foardoar. Mooglik is de doar iepenmakke mei help fan in paske of in plestik kaartsje, it saneamde flipperjen. Op it Blokhúsplein kaam in bewenner in ynbrekker oer it mad.

Dat barde yn de nacht fan tongersdei op freed, moarns tsjin healwei trijen. De ynbrekker woe troch in rút oan de achterkant fan it hûs ynbrekke. Doe't er fernaam dat er sjoen waard, naaide er gau út. De plysje freget tsjûgen om harren te melden op 0900-8844.

Trefwurden: 
ynbraak ynbraken ynbrekker iPad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)