Earste poëtyske ierappels út Malta op freedsmerk Ljouwert

03 apr 2015 - 11:19

De earste Malta-ierappels fan dit jier binne freed presintearre op de Ljouwerter freedsmerk. Dat barde feestlik, omdat La Valetta yn 2018 tagelyk mei Ljouwert Kulturele Haadstêd is. Ierapppelgruthannel Greydanus en de Biltske jirpelwiken ha de ierappels dêrom spesjaal ferpakt yn jutesekken.

De poaters binne yn septimber 2014 nei Malta gien mei Fryske en Biltske fersen. No komme se as ierappel yn 'e Nederlânske winkels mei oan de jutesekken gedichten yn it Malteesk en Ingelsk.

De ierappels binne op 'e freedsmerk gelyk ferhannele oan merkkeaplju, dy't de earste pûdsjes ek al wer trochferkocht hawwe. De kommende tiid komme de jutesekken, mei twa kilo ierappels, ek yn 'e supermerken te lizzen. Sa'n pûdsje 'poëtyske ierpels' kostet dan fjouwer euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)