Wigle Sinnema nije foarsitter keatsbûn

03 apr 2015 - 00:07

Wigle Sinnema fan Arum is tongersdeitejûn yn Frjentsjer op de algemiene gearkomste fan 'e KNKB keazen ta foarsitter. Hy is de opfolger fan Sipke Saakstra. De 54-jierrige bouboer en âld-wethâlder fan Súdwest-Fryslân krijt mei syn bestjoer in drokke tiid. It keatsen hat it krekt as guon oare sporten dreech. Minder leden, mear jild soe wolkom wêze en it spul moat attraktiver.

Ek is der de kwestje fan it bûnsburo. Bliuwt dat op It Hearrenfean of giet it nei Frjentsjer? Op termyn (yn twa jier) sil it ferhúzje nei Frjentsjer.

Trefwurden: 
KNKB keatsen Wigle Sinnema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)