Langer 'Op de Thee' yn keramykmuseum Princessehof

02 apr 2015 - 16:14

De eksposysje 'Op de Thee' yn it Ljouwerter Keramykmuseum wurdt fanwege grut sukes mei in moanne ferlingd. Minsken kinne noch oant en mei 5 july de útstalling oer teekultueren besjen. 'Op de Thee' sette septimber ferline jier útein en hat ûnderwilens al 23.000 besikers lutsen.

Foar hast de helte fan dizze besikers wie it de earste kear dat se yn it keramykmuseum kamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)