Man fan fertochte Sint-Nyk siet ek achter jonges oan

De man fan de fertochte yn de saak Sint-Nyk siet ek yn de auto, dy't achter twa jonges út Sint-Nyk oan siet. Dat die tongersdei bliken by de rjochtsaak tsjin de frou dy't yn augustus 2014 de twa jonges oanried. Neffens har die se dat omdat de jonges har hûnen geregeld narren. Dêr hie se sa har nocht fan dat it har oer de hege skuon rûn. By de oanriding rekke ien fan de jonges slim ferwûne.
De man fan de fertochte wie ek yn de auto stapt. Neffens syn frou omdat hy mear oerwicht hie en de jonges nei alle gedachten koe.
It doel fan de aksje wie om de slachtoffers klem te riden om mei harren te praten.