Laadstasjon foar elektryske auto's oan A32 iepene

02 apr 2015 - 14:39

Oan de A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert is tongersdeitemoarn offisjeel in nij laadstasjon iepene foar elektryske auto's. It giet om it twadde laadstasjon fan Fryslân. It nije stasjon hat twa laadpeallen en der kinne fjouwer auto's tagelyk oplade. Dat duorret sa'n 20 minuten.

Fastned, de eigener fan it laadstasjon, hopet letter dit jier noch mear laadstasjons yn Fryslân te iepenjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)