Nij rugbyfjild Greate Pier Ljouwert ûnder wetter

02 apr 2015 - 12:46

In nagelnij fjild fan rugbyklup Greate Pier is ûnderstrûpt. BV Sport wie dwaande om in nij fjild foar de rugbyklup oan te lizzen. Troch in steuring yn 'e gemalen dy't it fjild droech hâlde moatte rint dat in soad fertraging op. Net allinnich de rugbyklup is dupearre troch de wetteroerlêst, ek hûneklup 'Kynologeclup Friesland' hat bot lêst fan de situaasje. Se kinne lykas de rugbyers op it stuit net terjochte op de fjilden.

De gemeente Ljouwert en BV Sport sille besykje it wetter fuort te krijen mei in needpomp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)