Utspraak yn rjochtsaak tsjin gangsterduo

02 apr 2015 - 12:55

Tongersdeitemiddei krije 'Bonnie en Clyde' te hearren wat harren straf wurdt. De twa lieten ferline jier in spoar fan geweld achter op harren flucht foar de plysje. De offisier fan justysje yn Assen hat in pear wike lyn 16 jier selstraf easke tsjin Antonio van der P. fan De Harkema en 14 jier tsjin syn freondinne Enise B.

It duo wurdt fertocht fan in rôftocht yn it noarden en it easten fan Nederlân, mei ôfparsing, bedriging, stellerij mei geweld en besykjen ta deaslach en moard. It twatal waard úteinlik nei in klopjacht oppakt yn Dútslân.

De fyftjin slachtoffers binne bot oanslein troch wat har oandien is troch it gangsterduo. Se binne noch altyd bang, doare bygelyks net allinne mear te wêzen. Yn ien klap is har libben stikken makke. Se fiele har net mear feilich. De slachtoffers easkje tsientûzenen euro's skeafergoeding foar it trauma dat se oprûn ha.


Ferslachjouwer Ronald Oostingh fan RTV Drenthe folget de útspraak en docht live ferslach op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)