Gerjochtshôf moat plannen ferhuzing oan minister foarlizze

It gerjochtshôf yn Ljouwert
Twadde Keamerpartijen hawwe grutte soargen oer de rjochtspraak yn Ljouwert. It gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert tinkt der oer om it personiel nei Arnhem of Zwolle ferhúzje te litten, wêrtroch der werskynlik 54 banen yn Ljouwert ferlern gean. Woansdeitejûn waard hjir yn in Twadde Keamerkommisje oer praat mei de nije minister fan Justysje Ard van der Steur.
De âlde minister, Ivo Opstelten, hat altyd sein dat hy net oer de ferhuzing giet, mar de nije minister Van der Steur tinkt hjir oars oer.
Neffens him moat it Hôf alles oan him foarlizze en moat yn it plan rekken holden wurde mei wurkgelegenheid, kwaliteit en sprieding, sa lit Lutz Jacobi fan de PvdA witte. De Ried fan Rjochtspraak docht no ûndersyk.
Ferskate fraksjes wolle dat de minister taseit dat der gjin banen ferlern geane yn Ljouwert. Nei alle gedachten komme se noch mei in moasje tsjin it driigjende ferlies fan banen yn Ljouwert. Ek is der soarch dat it foar boargers hieltyd dreger wurdt om Frysk te praten at se foar de rjochter ferskine moatte.