Biltdykboeren wolle status beskerme doarpsgesicht kwyt

01 apr 2015 - 20:03

Boeren oan de Biltdiken meitsje beswier tsjin de status fan beskerme doarpsgesicht, dy't de minister fan OCW yn jannewaris takend hat. Dat dogge se tongersdei op in harksit yn Amersfoort. Se binne benaud dat harren bedriuwen op slot komme te sitten en útwreiding net mear mooglik is.

Beskerme doarpsgesicht is goed foar toerisme, fynt de gemeente It Bilt. De boeren fine dat harren bedriuwsfiering der net ûnder leie mei. Sy binne al ieuwen de ekonomyske motor fan de regio. As de harksit neat úthellet, stappe de Biltdykboeren nei de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)