Weststellingwerf docht mei oan ûndersyk berne-ombudsman

© ANP XTRA
De gemeente Weststellingwerf docht mei oan it ûndersyk fan de berne-ombudsman oer de jeugdsoarch. De jeugdsoarch is fan begjin dit jier ôf de ferantwurdlikheid fan gemeenten. De berne-ombudsman ûndersiket oft gemeenten dizze soarch wol goed leverje.
De gemeente hat twahûndert jongeren en harren âlden frege om in digitale enkête yn te fullen. De resultaten sille oanbean wurde oan de minister fan Folkssûnens. Yn totaal dogge 42 gemeenten út hiel Nederlân mei oan it ûndersyk.