Wetterskip wol fytspaad meitsje fan brûkt wc-papier

Wetterskip Fryslân wol fan wc-papier út ôffalwetter in stik fytspaad oanlizze. It wetterskip begjint yn april mei in proef om fan it húskepapier asfalt te meitsjen. Fan dat asfalt wurdt in stik fytspaad oanlein, dat foar eltsenien tagonklik is.
Jierliks brûke alle Friezen gemiddeld sa'n 14 kilo húskepapier. Lanlik binne dêr 200.000 beammen foar nedich. It wetterskip, dat sels sprekt fan in wrâldprimeur, wol mei de proef it papier in twadde libben jaan troch it út it rioel te heljen. Foar de proef is 42.000 euro beskikber.