Steatssekretaris Dijksma mingt har net yn fiskerijkonflikt

01 apr 2015 - 12:45

Steatssekretaris Sharon Dijksma mingt har net yn it konflikt tusken sportfiskers en in Urker beropsfisker op de Lauwersmar. Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA hie de steatssekretaris frege om maatregels tsjin de beropsfisker.

Dy fisker soe him neffens de sportfiskers net oan ôfspraken hâlde oer it oantal te fangen fisk. De beropsfisker op syn beurt seit dat de sportfiskers him lestich falle en syn guod ferniele. Dijksma seit dat se wurket oan nije regels foar fergunnings en dêrom no net yngripe wol.

Jacobi wol de kwestje no oankaarte by in oerlis yn de Twadde Keamer oer fiskerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)