Nij technykgebou Friese Poort Drachten al oan fernijing ta

It technykgebou fan de Friese Poort yn Drachten moat oardel jier nei de iepening alwer ferboud wurde. De entree fan it gebou is net feilich. Ynearsten soe de yngong grutter wêze, mar de advyskommisje woe in strakker gebou, dêrom is de yngong koarter makke.
Troch dizze oanpassing is de trep by de yngong te steil en dêrmei ûnfeilich. De Friese Poort sil no dochs noch it oarspronklike ûntwerp útfiere. Hoe folle dat kostet is noch net dúdlik.