Kwadrant en ZuidOostZorg nimme âldereinsoarch Pasana oer

01 apr 2015 - 10:28

De âldereinsoarch fan it fallite Pasana wurdt oernaam troch Kwadrant Soarchgroep en de ZuidOostZorg. Dat is bekend makke op in parsekonferinsje dy't woansdeitemoarn plakfûn yn it Talma Hûs yn Feanwâlden.

Tachtich persint fan de meiwurkers kin mei oer en komme allegear yn fêste tsjinst, 78 arbeidsplakken gean ferlern. De takomst fan de Talma Hoeve yn Feanwâlden is noch ûnwis, om't it gebou der min oan ta is.

Beide oernamepartijen wiene oanwêzich. Soarchgroep Pasana hie ferpleechhuzen yn Dokkum, Feanwâlden, Ternaard, Mitselwier en Hollum (It Amelân). Pasana waard yn novimber foarich jier fallyt ferklearre mei in totale skuld fan goed 32 miljoen euro.

Neist sikehûs Sionsberg yn Dokkum foelen ek acht âldereinhuzen ûnder Pasana.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)