Van Amersfoort mei Oranje ûnder 19 nei EK

31 mrt 2015 - 22:32

It Nederlânske team ûnder de 19 hat him pleatst foar it Europeesk kampioenskip. Oranje wûn syn lêste wedstriid op it fjild fan de Harkemase Boys mei 4-0 fan Switserlân. Dêrtroch waard de ploech fan bûnscoach Aron Winter earste yn de groep.

Hearrenfeanspiler Pelle van Amersfoort stiet mei oan de basis fan it sukses. Hy skoarde earder al de iennige goal en wie no belutsen by trije fan de fjouwer goals. Nei in blunder fan de Switserske keeper skoarde hy de 3-0. Van Amersfoort joech ek de assist by de 1-0 fan Riedewald en de 4-0 fan Nouri.

It EK is fan 6 oant en mei 19 july dit jier yn Grikelân. Der dogge acht ploegen mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)