Provinsje jout 95.000 euro oan Duorsume Waadeilannen

31 mrt 2015 - 21:55

De provinsje stelt 95.000 euro beskikber foar it programma Duorsume Waadeilannen dat ta doel hat om de fiif waadeilannen yn 2020 enerzjyneutraal te krijen. Sa komt der op alle eilannen in konsultant dy't enerzjy-advys oan de keukentafel jout.

Fierder komt der in eksperimint mei fjouwer nokturbines op publike gebouwen. Dat moat jierliks 30.000 kWh elektrisiteit opwekke en 15.000 kúb gas besparje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)