Heech wetter yn Harns lûkt in soad sjoggers

Tiisdeitejûn om in oere as acht stie yn Harns it wetter mei 2,5 meter boppe NAP op syn heechst. Mei de hurde wyn derby joech dat yn de havenstêd hege golven oer de kaaien en oar spektakel. Dêrom kamen tsientallen minsken nei de haven om te sjen hoe't it der om en ta gie.
Harnzers binne wol wat wend. Driging gie der net fan it wetter út, fûnen de taskôgers. Wol in moai gesicht, de hege golven en de hurde wyn.