Bleate man boartet mei himsels op strjitte op De Westereen

De plysje is op De Westereen op syk nei in noch ûnbekende man dy't him moandeitejûn op strjitte stie te befredigjen. Dat wie yn de Finkstrjitte. De man hie in wite sjaal foar it gesicht en wie fierders bleat. In frou dy't it sjoen hie, belle de plysje, mar dy koe de man net fine.
De plysje hat ferline jier ek meldings hân fan sa'n situaasje en tinkt dat it om ien en deselde man giet. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe oft se harren melde wolle. As minsken fertochte situaasjes sjogge, moatte se 112 belje.