Bysûndere dei foar ljipaaisikers

31 mrt 2015 - 14:42

Foar aaisikers is it tiisdei in bysûndere dei. Oare jierren hie it de lêste dei west dat se sykje mochten. Dit jier moatte alle aaien lizzen bliuwe. De aaisikers hawwe goede hoop dat se de aaien takom jier wer opkrije meie. De nêsten fan de ljippen hawwe te lijen fan de sleepslangen dyý boeren brûke by it jarjen, seit it BFVW.

It nije registraasjesysteem mei in melding fan in fûn aai mei in appke of in sms'ke liket goed te wurkjen, seit it BFVW. Foaral fan Skylge binne in protte meldings kaam.

Trefwurden: 
ljipaaisykjen aaisykjen BFVW
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)