Hinder en skea troch stoarm

De stoarm soarget rûnom noch altiten foar problemen. Sa ride der gjin treinen tusken Ljouwert en It Hearrenfean troch in stikkene boppelieding. Fanwege de hurde wyn is it lestich om dat te ferhelpen. De ferwachting is dat it opûnthâld wol oant in oere of sân jûn duorje sil.
De brêgen fan de provinsje wurde net betsjinne. Dat jildt ek foar brêgen dy't fan de gemeente Súdwest-Fryslân binne. De brânwacht krijt tsientallen meldingen, foaral oer beammen dy't omwaaid binne. Dat soarget geregeld foar skea.
By apparteminten boppe de Mediamarkt yn Drachten binne platen loswaaid. De brânwacht is dêrhinne om de situaasje ûnder kontrole te krijen. It parkearplak is ôfset. By ferpleech- en fersoargingstehûs Berchhiem yn Burgum binne platen fan de gevel ôfwaaid. Wetterskip Fryslân slút tiisdeitemiddei om fiif oere de kearmuorre by Harns. De Tsjerk Hiddesslûzen en de seegemalen bij Roptasyl en Swarte Haan gean ek ticht. Rykswettersteat riedt sjauffeurs fan lege frachtweinen en frachtauto's mei net sa'n swiere fracht driuwend oan om net de dyk op te gean. Der binne de hiele dei al problemen mei frachtauto's dy't omwaaie. Yn Ljouwert hat in gebou fan Enexis oan de Troelstrawei skea oprûn omdat in grut part fan it dak der ôfwaaid is. In tal auto's rûnen dêrtroch skea op. Tusken Kimswert en Harns blokkearret in omwaaide frachtwein de dyk. It bergjen kin fanwege it waar wol even duorje. De A6 rjochting de Lemmer is fanôf de rotonde by De Jouwer ticht omdat dêr ek in frachauto omwaaid is. Yn de gemeente Smellingerlân binne se drok mei beammen dy't om driigje te fallen op in boulokaasje yn de noardeasthoeke fan Drachten. En de Drachtster Heawei yn De Wylgen is stremd fanwege beammen dy't omgien binne. Beammen dy't in gefaar foarmje, wurde no omhelle. Yn Ljouwert hat in gebou fan Enexis oan de Troelstrawei skea oprûn omdat in grut part fan it dak der ôfwaaid is. Auto's rûnen dêrtroch skea op.