Wetterskip hâldt wetterkearings goed yn de gaten

31 mrt 2015 - 12:32

Wetterskip Fryslân hâldt mei de stoarm de wetterkearings goed yn de gaten. Meiwurkers lette foaral op beammen dy't omwaaid binne en sa de diken skea tabringe.

Fanwege de hege wetterstân gean de doarren yn de dyk by Harns en ferskate slûzen ticht. Tsjin healwei achten woansdeitejûn wurdt de heechste wetterstân fan sa'n 2.70 meter boppe NAP ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)