Jongerein komt sels mei regels foar keten Littenseradiel

30 mrt 2015 - 22:55

De jongerein fan Littenseradiel hat sels regels betocht foar de jeugdketen. Moandeitejûn hawwe se har plan presentearre oan de gemeenteried fan Littenseradiel. Dêryn stiet ûnder oare dat allinnich 18-plussers wolkom binne en dat der bygelyks in lidmaatskip komme moatte fan in keet.

De jongerein is sels mei de plannen kaam om't de gemeente drige mei sluting. It nije alkoholbelied soe yn de keten net te kontrolearjen wêze. Mei help fan de brânwacht en GGD hawwe se no in plan makke. Oer in pear wike beslút de ried oft it plan trochgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)