Krea-party foar kapsters op ROC Friese Poort Ljouwert

Kapsters fan ROC Friese Poort waarden moandei op in saneamde 'Crea Party' útdage om harren kreativiteit sjen te litten. Net allinnich kwa hier, mar ek kwa make-up en klean. ,,Want it kapsel is ûnderdiel fan it totaalplaatsje", sa fertelde Froukje Koeckhoven, dosint oan de kapstersoplieding fan ROC Friese Poort yn Ljouwert en organisator fan de dei.
,,Kreativiteit is foar kapsters ien fan de wichtichste ûnderdielen fan it wurk. It is dan ek logysk dat we kapsters-yn-oplieding geregeld útdaagje om dêryn ek 'out of the box' te tinken."