Yllegaal ôffal weismiten yn natuergebieten
By in grutte kontrôle-aksje yn natuergebieten yn Noard-Nederlân is op 62 plakken yllegaal ôffal fûn. Der binne ferskate saken oantroffen lykas televyzjes, túnôffal, asbest en lânbouplestik.
Steatsboskbehear, de provinsjes en de plysje hawwe foar it fyfde jier sa'n mienskiplike aksje hâlden. Dit jier is der foar it earst ek yn parten fan Fryslân kontrolearre, ûnder oare yn it Lauwersmargebiet.