Klok fan stedhûs Boalsert twa oeren foarút

It stedhûs fan Boalsert
Foar de fjirde kear op rige is de klok fan it Boalserter stedhûs in oere te folle foarútset. Neffens de gemeente sit der noch hieltyd in probleem yn de programmearring fan de klok. It oanpassen fan de simmer- en wintertiid wurdt net mei de hân dien.
De gemeente sil de klok goed sette. De programmeur is ynskeakele om it probleem op 'e nij te ûndersykjen.