Trije kear ynbrutsen op fleanbasis Ljouwert

Stek om fleanbasis Ljouwert hinne © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
De fleanbasis fan Ljouwert is yn de earste trije moannen fan dit jier trije kear troffen troch ynbraak. Ien kear is dat slagge, twa kear mislearre dat. It is net bekend wat der krekt stellen is. Sawol definsje as de maresjesee, dy't ferantwurdlik is foar de feiligens op it terrein, koene dêr neat oer sizze.