F-15's allinne foar oefening nei Ljouwert

30 mrt 2015 - 11:38

Op de Ljouwerter fleanbasis wurde dochs gjin F-15's fan de Amerikaanske loftmacht stasjonearre. Definsje brocht fan it wykein nei bûten dat tolve jachtfleantugen nei Ljouwert komme soene. De Amerikaanske jachtfleantugen komme wol nei Ljouwert, mar allinne om mei te dwaan oan de oefening Frisian Flag. De ynternasjonale oefening is fan 13 oant en mei 24 april.

De Amerikanen diene yn 2010 foar it lêst mei oan Frisian Flag. Neffens de fleanbasis Ljouwert is noch ûndúdlik oft de F-15's dêrnei ôfreizgje nei Bulgarije of weromfleane nei Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)