Frachtwein klapt op spoarfiadukt by Wurdum

In frachtwein is moandeitemoarn op de Heak om Ljouwert út de bocht flein en op syn kant bedarre. De kabine fan de frachtwein klapte op de betonnen râne fan it spoarfiadukt by Wurdum, ûnderdiel fan de Werpsterhoeke. De sjauffeur koe sels út de kabine komme. Hy rekke net ferwûne. De frachtwein wie laden mei grûn.
De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe. Bergers hawwe de frachtwein oereinset en fuortsleept.