Stoarmskea yn Fryslân falt ta

30 mrt 2015 - 07:04

It liket oant no ta mei te fallen mei de stoarmskea yn Fryslân. Allinnich op It Hearrenfean wie in melding fan in sinnepaniel dat fan it dak waaide en yn it Van Lyndenpark yn Beetstersweach rekke in dakgoate skansearre. De organisaasje fan it TREK-festival dat yn it Lauwermargebiet hâlden waard, paste de programmearring snein oan fanwege de hurde wyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)