Haulerwyk wol mei bredere skeelerbaan ynternasjonaal gean

29 mrt 2015 - 17:48

De skeelerferiening yn Haulerwyk set nei de simmer útein mei it breder meitsjen fan de skeelerbaan. Ferbreding hat in hege prioriteit om't De Draai wer nasjonale en ynternasjonale wedstriden hawwe wol. Sok kin no net, om't de besteande baan fiif meter breed is en foar NK's en EK's moat dat minimaal seis meter wêze.

De baanferbreding kostet 80.000 euro. Dat wurdt betelle troch de feriening sels en de gemeente Eaststellingwerf. De Draai hat no in hûnderdtal leden en hopet mei in fernijde baan it ledental te ferheegjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)