Snits Wyt Swart pakt romme winst op Rohda Raalte

29 mrt 2015 - 16:07

Koprinner Snits Wyt Swart wûn snein mei 4-1 fan de nûmer trije Rohda Raalte. Yn Raalte sette Age Hains Boersma de Snitsers al betiid yn de wedstriid op 1-0. Fuort dêrnei krige de ploech fan trainer Berry Zandink de kâns op 2-0, mar fersomme te skoaren.

Yn de twadde helte wie it op 'e nij Boersma dy't gefaarlik wie, mar net skoarde. Oan de oare kant wie it al raak en kaam Rohda Raalte op 1-1. De lykmakker skodde de Snitsers wekker wêrnei't treffers fan Boersma, Sean de Ruiter en Erolind Derguti úteinlik dochs noch foar in romme winst soarge.

Trefwurden: 
Snits fuotbal Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)