Aris thús ûnderút tsjin Zwolle

29 mrt 2015 - 14:10

De basketballers fan Aris ferlearen sneontejûn yn de eigen sporthal Kealledykje mei 83-77 fan Zwolle. Fan begjin ôf oan namen de gasten út Zwolle de lieding, wat resultearre yn in 22-16 foarsprong nei it earste kwart. By rêst wie de stân 43-38 yn it foardiel fan Zwolle.

Nei it skoft rûn Aris de efterstân knap yn oant 66-65, mar yn it lêste kwart wie it krûd damp by de Ljouwerters. Fierwei de tûkste Aris-spiler wie pointguard Miles Jackson-Cartwright, dy't mar leafst 27 punten foar syn rekken naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)