Jonge (17) út Nij Beets oppakt foar mishanneling

29 mrt 2015 - 12:26

In jonge fan 17 jier is sneontenacht yn Nij Beets oppakt foar mishanneling. Hy soe in man fan 19 jier út de gemeente Smellingerlân klappen jûn hawwe. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne oan de holle.

De fertochte wurdt snein heard. De plysje makket proses-ferbaal op.

Trefwurden: 
mishanneling Nij Beets
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)