Twa oanhâldings nei stekkerij yn Drachten

29 mrt 2015 - 11:04

Yn Drachten binne sneontenacht twa manlju oanhâlden. Surveillearjende plysjes seagen op de Noardkade in 27-jierrige Drachtster achter in oare man oandraven. De Drachtster soe in 19-jierrige man út Haulerwyk mei in mes stutsen hawwe. It slachtoffer rekke ferwûne oan 'e earm en moast nei it sikehûs.

De fertochte Drachtster fan 27 jier is oppakt. Syn 26-jierrige broer besocht de oanhâlding te ferhinderjen. Dêrop moast hy ek mei nei it buro. De bruorren sitte fêst. De plysje hat it mes fûn en yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)