Twa man oppakt by drugskontrôles yn trije Fryske stêden

29 mrt 2015 - 10:57

By drugskontrôles yn Harns, Ljouwert en Frjentsjer binne sneontejûn en ôfrûne nacht twa minsken oanhâlden. De plysje sette in drugshûn yn. Yn Harns waard in 20-jierrige man út 'e stêd oppakt. Hy hie fjouwer wikkels mei kokaïne en in blokje hash by him. In man fan 20 jier út Ljouwert hie fiif wikkels kokaïne by him. Hy waard ek oanhâlden. By in jonge fan 15 jier waard in mes oantroffen. Dat is yn beslach naam. De jonge kriget proses-ferbaal.

Seis minsken moasten de drugs ynleverje dy't se foar eigen gebrûk by harren hiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)