Jelle Wiersma wint Iepen Kampioenskip Frysk damjen

28 mrt 2015 - 17:16

Jelle Wiersma fan Wommels hat sneon it Frysk damjen wûn by it Iepen Kampioenskip Frysk damjen yn Frjentsjer. Op de slotdei waarden noch spullen spile yn twa groepen, in Fryske en in ynternasjonale. Yn dy lêste groep sieten Nederlanners en bûtenlanners en dy binne noch wat minder betûft yn it Frysk damjen. De wrâldkampioen fan it gewoane damjen de Rus Alexander Georgiev wûn yn dizze groep.

De organisaasje sjocht tefreden werom op it kampioenskip. Der wie in soad belangstelling.

Yn de takomst hopet de organisaasje dat de ynternasjonalen en Friezen yn ien groep tsjin elkoar Frysk damje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)