Hûndert skiep yn it sintrum op It Hearrenfean

Yn it sintrum op It Hearrenfean rûnen sneon sa'n hûndert skiep om. De bisten binne eigendom fan Martin Reitsma fan Gerkeskleaster. Hy sil de skiep de kommende tiid ynsette foar it beweidzjen fan stikken natoer yn de gemeente Hearrenfean. Mei elkoar giet it om fjirtich bunder op ferskate plakken, lykas yn Skoatterwâld. Reitsma hat 400 skiep.
De skieppehoeder hat dy klus krigen nei in oanbesteging. It ûnderhâld op de ferskate plakken moat oer sa'n fiif moannen klear wêze.