Fiif auto's botse op A32 by Wolvegea

De A32 tusken It Hearrenfean en Stienwijk hat freedtejûn by Wolvegea oeren lang ôfsletten west nei in ûngelok dêr't fiif auto's by belutsen wiene. By it ûngelok rekke net ien ferwûne.
De helptsjinsten rukten manmachtich út nei it plak fan it ûngelok, mei om't earst tocht waard dat der ek in streekbus by belutsen wie. Ien auto rekke yn de slip en botste tsjin de fangrail en dêrnei botsten fjouwer auto's ek op elkoar. It duorre oeren foar't de ravaazje oprêden wie. It ferkear waard omlaat.