Ljouwerter foar 15de kear betrape sûnder rydbewiis
De plysje hat in man út Ljouwert oppakt omdat se him foar de fyftjinde kear betrapen op it riden sûnder rydbewiis. De man waard op de Boksumerdyk by Goutum oan kant set. Syn auto is yn beslach nommen.
De man moast ek noch in straf útsitte en hy moat ek DNA-materiaal ôfstean.