Lânskipsbehear wol 'doarpslânbou' fierder útrôlje

Lânskipsbehear Fryslân hat plannen foar it fierder stimulearjen fan 'doarpslânbou'. Foarbylden fan doarpslânbou binne farske molketaappunten yn de doarpen, it ûntwikkeljen en ferkeapjen fan nije streekprodukten en doarpstunen dêr't grienten en fruit ferboud wurde.
It doel fan doarpslânbou is om boeren en boargers tichteby inoar te bringen. Freedtemiddei is der in minysympoasium oer doarpslânbou yn Himmelum.